Search
Close this search box.
REGAAD BESTieT 10 JieR

Utjouwerij Regaad fiert syn tsien jierrich bestean

Op 11 novimber 2023 is it safier: dan bestiet Utjouwerij Regaad 10 jier. Yn 2013 is de útjouwerij oprjochte troch fiif freonen, allegear âld-lid fan de Fryske studintefiering Bernlef út Grins. Mei as doel: moaie Fryske boeken meitsje. Want fan alle boeken dy’t se yn hannen hienen, tochten se: dat kin better. Oft it no om de kaft gie, om de yllustraasjes, om de oersetting of neam it mar op: dat kinne we sels ek wol. Dat kinne we sels better! 10 jier letter hat Regaad dy eigenwizens wier makke: der binne al hiel wat prachtige boeken ferskynd. Fan De GFR oant De skipsjonges fan Bontekoe, fan Astrid Lindgren oant Toon Tellegen, fan in stripboek oant in Bouquetromantsje. Der binne prizen wûn en prizen ferjûn, plannen betocht en kongressen besocht, feesten holden en aktiviteiten organisearre. En de freonen fan Regaad binne der noch lang net klear mei. Mei in spiksplinternije webside ynklusyf webshop gean se op nei de folgjende tsien jier!

Boeken

Nijs

Regaad 10 jier!
Op 11 novimber 2023 is it sa fier: dan bestiet Utjouwerij Regaad mar leafst 10 jier. Tsien jier lyn is de útjouwerij oprjochten troch fiif manlju, allegear âld-lid fan de Fryske Studintefiering F.F.J Bernlef út Grins. Mei as doel: moaie
Shopping Cart