Horrortour

Yn it ramt fan de publikaasje fan ús earste boek, E.A. Poe’s De skacht en de slinger hat Regaad guon Fryske keunstners frege om mei har op toer te gean. Poe is de master fan de horror, en dat is in sjenre dat de Fryske literatuer amper kent – of better: koe. Want neidat de Horrortour yn 2014 by neare nacht fiif ferskillende doarpen oandien hat, wit elts wat wiere Fryske horror is…

De bydragen wienen fan Douwe Kootstra, Willem Schoorstra, Aant-Jelle Soepboer, Geart Tigchelaar en Henk Wolf, en de muzyk wie fan Ljoubjr. De ferhalen binne ferskynd as kreas bondeltsje, ynbûn troch FopmaWier.

Inkele ferhalen binne ek te verkrijen as harkboek fia www.audiofrysk.nl

Boek+Cd_horror

 

REGAAD_Horrortour_2014

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn