‘Tour de Frise’ mei Bert Wagendorp


Op freedtejûn 30 juny, de deis foardat de Tour de France begjint, organisearret Utjouwerij Regaad yn Grins de Tour de Frise, in sportliterêre jûn. Oan it program wurkje mei: Bert Wagendorp, Joop Atsma, Jaap Krol, Edwin de Groot, Geart Tigchelaar, Martsje de Jong, André Looijenga en de eardere Fryske fytsprof Eddy Schurer. De jûn wurdt folle mei anekdoaten, kollums, gedichten, ynterviews, filmbylden, en in sportmuzykkwis. Boppedat wurdt de Fryske oersetting presintearre fan de bestseller Ventoux, fan Bert Wagendorp, oerset troch Martsje de Jong. Nei ôfrin fan it programma sille Bert Wagendorp en Martsje de Jong ek sinjearje.

Fan 20.00 oere ôf is de soas fan FFJ Bernlef (Tuinstraat 22, Grins) iepen, it programma set om 20.30 útein; de tagong is fergees. Oanmelde kin fia Facebook, mar gewoan delkomme is ek prima!

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it boek Ventoux.2035_REGAAD_pst_presintaasje-Ventoux_A3fc_site

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn