Erik of it lyts ynsekteboek

‘‘Ís men it, dan ís men it ek. Mar is men it nét… sjesa, dan is men it ek nét.’’

Boek_Erik

Op in wûndere nacht bedarret Erik samar yn de wrâld fan it lytse wrimelt, in mienskip fan moarddédige spinnen, eptige wespen, fereale flinters en oarlochssuchtige eamels…

Erik of het klein insectenboek (1941) is sûnder mis Godfried Bomans’ bekendste boek; yn 2013 waard de 57e druk fan dizze moderne, Hollânske klassiker noch fergees omparte ûnder hûnderttûzenen Nederlânske bibleteekleden. Spanning, humor, firtuoaze taal en in ferhaal dat jong en âld oansprekt: alle yngrediïnten dy’t foar in Regaadboek fan belang binne.

Geart Tigchelaar (1987) hat in prachtige Fryske oersetting makke, en Nina Peckelsen (1990) bringt it lytse libben ûnder ús fuotten mei har eigensinnige, feeërike yllustraasjes ta libben.

Dit boek is yn 2016 bekroand mei de Obe Postmapriis, de provinsjale priis foar oersettings.

ISBN: 978 90 821970 2 0
NUR: 280

€15,-

BESTELLE

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn