Havank yn Fryslân

Boek_HavankAs krystgeskink foar harren dy’t bysûndere ynteresse yn ús wurk en ús boeken ha, hat Regaad yn ’e mande mei Boekbinerij FopmaWier in spesjaal boekje produsearre: de earste Fryske oersetting fan in ferhaal fan de bêstferkochte Fryske auteur ea: Havank. It giet om De nachtmis fan Wybe van Croningha, in spûkferhaal dat him op krystjûn en boppedat ek nochris yn Fryslân ôfspilet. De oersetting is fan Anne Tjerk Popkema, de foarmjouwing is fan Peter Boersma en it bynwurk is fan Wytze Fopma. Der binne noch in hiel pear te keap foar har dy’t spesjale niget ha oan Havank of oan it Frysk.

ÚTFERKOCHT

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn