Obe Postmapriis foar Geart Tigchelaar

Skreaun troch admin op 13/09/2016 yn Nijs
14292511_1137550792971398_1055831341137611330_n
Foar syn oersetting fan Erik of it Lyts Ynsekteboek (Regaad, 2015) is Geart Tigchelaar de Obe Postmapriis 2016 takend. De ‘Obe’ is ien fan de wichtichste provinsjale kutluerprizen en wurdt ienris de fjouwer jier útrikt. Wy binne grutsk op Geart – en op ús boek! Want dat Nina Peckelsen der sokke moaie platen by makke hat en dat Peter Boersma it sa moai foarmjûn hat, hat de sjuery grif holpen by it einoardiel. De útrikking is op freedtemiddei 4 novimber yn it Steedhâlderlik Hôf te Ljuwert. Nigethawwers foar dy gearsit kinne har oppenearje by ynfo@tresoar.nl.
Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn