DREAMEBOEKJE/DROMENBOEKJE

Skreaun troch admin op 30/06/2016 yn Nijs

By gelegenheid fan de presintaasje fan de Fryske oersetting fan Roald Dahl’s De GFR, sneontemiddei 17 septimber yn Mantgum. Hasto wolris dreamd datst ûnder wetter sykhelje koest? Datst sels yn in blitse auto ride mochtest, ek al wiest noch mar tsien? Datst in jurk oanhiest dy’t fan sjokola wie mar net rane koe, sels al

MEAR LÊZE

REDMOND O’HANLON EAREGAST BY FRYSKE BOEKPRESINTAASJE YN DRACHTEN

Skreaun troch admin op 12/05/2016 yn Uncategorized

Op woansdeitejûn 1 juny sil de ferneamde reizger, skriuwer en programmamakker Redmond O’Hanlon syn opwachting meitsje yn Drachten. De streekrjochte oanlieding is de presintaasje fan in Frysktalich stripboek, in bewurking fan Jules Verne syn bekende ferhaal út 1873 oer in reis om de wrâld yn 80 dagen. It boek ferskynt by de Frysk/Grinzer útjouwerij Regaad.

MEAR LÊZE

PRESINTAASJE DIGITAAL STRIPBOEK IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN

Skreaun troch admin op 30/04/2016 yn Nijs

Op 25 maaie, by in ûnderwiiskongres fan it Cedin yn it Adverium te Drachten, sil de digitale ferzje fan ús stripbewurking fan Jules Verne’s In wrâldreis yn 80 dagen presintearre wurde. De app befettet fansels it hiele stripferhaal (en de tekst fan de roman, yn Fryske oersetting), mar de strip is boppedat ferrike mei audio, animaasje en

MEAR LÊZE

IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN

Skreaun troch admin op 05/04/2016 yn Nijs

Op it heden lizze wy de lêste hân oan ús earste stripboek: in bewurking fan Jules Verne syn ferneamde ferhaal út 1872, In wrâldreis yn 80 dagen. De tekeningen binne fan Roelof Wijtsma, dy’t earder ek De skipsjonges fan Bontekoe (2015) foar Regaad yllustrearre hat. Oer senario en tekstbewurking hat in team gear west, ûnder

MEAR LÊZE

BOEK FAN DE MOANNE

Skreaun troch admin op 05/02/2016 yn Nijs

Yn jannewaris en febrewaris 2016 is De skipsjonges fan Bontekoe (J. Fabricius) it Fryske Boek fan de Moanne. Dat betsjut dat it boek op in prominint plak yn de bettere boekhannel leit, en tydlik foar in spesjale aksjepriis oanbean wurdt: €17,50. Regaad hat dizze oersetting fan Anne Tjerk Popkema, mei prachtige yllustraasjes fan Roelof Wijtsma,

MEAR LÊZE

PRESINTAASJE ERIK OF IT LYTS YNSEKTEBOEK

Skreaun troch admin op 02/10/2015 yn Nijs

Op freedtemiddei 20 novimber wurdt it nijste boek fan Regaad presintearre: Erik of it lyts ynsekteboek. Godfried Bomans’ ferneamde berneboek út 1941 is oerset troch Geart Tigchelaar (1987), en Nina Peckelsen (1990) is oanlutsen om yn har eigensinnige, feeërike styl de wrâld fan it lytse wrimelt dêr’t de lytse Erik samar yn bedarret, ta libben

MEAR LÊZE

WRÂLDREIS YN 80 DAGEN

Skreaun troch admin op 02/10/2015 yn Nijs

Op it heden wurket Regaad oan in graphic novel: in Fryske bewurking fan Jules Vernes In wrâldreis yn tachtich dagen. Dizze wrâldferneamde klassiker út 1873 is yn 2010 yn it Frysk oerset troch Syt Bakker-Palma, en har oersetting is de basis fan ús nagelnije skript. Yn ’e mande mei yllustrator Roelof Wijtsma skriuwt Regaad sels

MEAR LÊZE