Boekpresintaasje ‘De wiete poes’

Skreaun troch admin op 14/10/2017 yn Nijs

Wa krige froeger net reade earkes by guon boeken heech yn de boekekast? ‘Keunstboeken’ neamden heit en mem dat dan meastal. Hjoeddedei binne wy de skamte lykwols wol foarby. Of… Dochs net?

Wy daagje jim út om op freed 3 novimber om 15.30 oere yn Café Moarkswâl yn Aldtsjerk de presintaasje by te wenjen fan ‘De wiete poes, en oare ûnfoege folksferhalen’. Dé beide grutte fertellers fan Fryslân, Douwe Kootstra en Mindert Wijnstra, sille jim in kaam sjitte litte dêr’t de stoom fanôf slacht.

En it boek dêr’t al dy ferhalen ynstean is fansels te keap: ‘De wiete poes, en oare ûnfoege folksferhalen’ (€10,-). Lêst gjin Frysk? Jout neat, want it stiet ek fol mei fize plaatsjes!

Entree fergees, mar it kostet dy dyn ûnskuld.

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn