De GFR

 17,50

Beschrijving

Boek_GFR‘Al dy oare reuzen haffelt alle jûnen minskbrokkels, mar ik net! Ik ist de iennichste leave en goeierige reus yn Reuzelân! Ik ist de GRUTTE FREONLIKE REUS! Ik ist de GFR. Wa bisto?’ ‘Ik bin Sofie,’ sei Sofie.

De GFR. Wa kent ’m net? Mei syn krûmpraterij, syn fripsdrippers en snoaskommers, syn dreamfangerij, mei syn njoggen minskfrettende buormanreuzen én de lytse Sofie, dy’t pardoes yn de reuzewrâld fan de GFR bedarret, hat de Grutte Freonlike Reus de herten fan miljoenen bern én folwoeksenen oer de hiele wrâld stellen.

Yn in firtuoaze oersetting fan Martsje de Jong en mei prachtige kleureyllustraasjes fan Hilda Groenesteyn komt de fantastyske dreamwrâld fan de GFR no einlings ek yn it Frysk ta ús. Poere lêswille, foar jong en âld!

De International Board on Books for Young People (IBBY) hat de Fryske oersetting fan De GFR selektearre foar har Honour List 2018, in twajierlikse list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen.

Regaad Nûmer 5
ISBN: 978 90 82197 0 44
NUR: 280

€17,50  twadde druk fan 6 oktober 2017 ôf te krijen.

Foar mear ynformaasje oer Roald Dahl sjoch op: www.roalddahl.com

 

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn