Teltsjes fan Tellegen

 15,00

Beschrijving

Wylst de oaljefant op in gleonhite simmerdei it swimbad leechsûget, falt de sinne heech oan de loft yn sliep: krekt in dei foar de de sprinkhoanne om ris oer it hielal te springen.
Yn de wrâld fan Toon Tellegen is neat normaal, mar is ek neat apart. Doarmje mar lekker tusken de bisten fan de bosk om. Mar tink der al om, want it kin tsjuster wêze, de kikkert hat de moanne krekt opfretten.

‘Teltsjes fan Tellegen’ is in boek mei alventritich fan de moaiste ferhalen fan de grutte ferteller Toon Tellegen, mei soarch selektearre út syn ûnbidich grutte oeuvre. Tellegens wurk heart ta de moderne klassikers, en is no foar it earst ek yn it Frysk te lêzen. De yllustraasjes binne fan it jonge talint Douwe Dijkstra; de oersetting is fan Anne Tjerk Popkema.

Regaad Nûmer 7
ISBN: 978 90 82197 0 68
NUR: 280
– 88 siden
– 19,5 x 25,5 sm
– Mei yllustraasjes fan Douwe Dijkstra
– Hardcover

Foar mear ynformaasje oer Douwe Dijkstra sjoch op: www.douwe-dijkstra.tumblr.com

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn