Twadde printinge De GFR

Skreaun troch admin op 15/09/2017 yn Nijs

Begjin oktober ferskynt by Regaad in twadde printinge fan de Fryske oersetting fan Roald Dahl syn wrâldwide bestseller, De GFR (De Grutte Freonlike Reus). De earste printinge yn septimber 2016, en wie al binnen in pear moannen útferkocht, benammen troch it grutte sukses fan it boek by de ‘sutelaksjes’. Koartlyn hat de International Board on Books for Young People (IBBY) de Fryske oersetting fan De GFR selektearre foar har Honour List 2018, in twajierlikse list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen.

De GFR is oerset troch Martsje de Jong, en yllustrearre troch Hilda Groenesteyn. De ferkeappriis is €17,50. It boek is no al te bestellen.

Regaad_GFR+priis-Mock-up

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn