Twadde printinge Teltsjes fan Tellegen

Skreaun troch admin op 04/10/2018 yn Nijs

Ferline jier waard op 4 oktober – Bistedei – it earste eksimplaar fan Teltsjes fan Tellegen útrikt oan Toon Tellegen, dy’t doe foar dy gelegenheid nei Ljouwert kaam wie. De earste printinge wie lykwols al rillegau útferkocht, ek om’t it boek it goed die yn de saneamde ‘sutelaksjes’, wêrby’t kroaden mei Fryske boeken by de doarren delgean. Dêrom kundiget Regaad eksakt ien jier letter, op Bistedei 2018, de twadde printinge oan fan dit moaie berneboek. De twadde printinge fan Teltsjes fan Tellegen sil fan 22 novimber ôf te krijen wêze. De winkelpriis is noch altiten €15,-.

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn