‘Ventoux’ yn it Frysk

Skreaun troch admin op 08/06/2017 yn Nijs

2035_REGAAD_coverVentoux_300xFan 1 july (de deis dat de Tour de France begjint) ôf te krijen: Ventoux, de magistrale bestseller fan Bert Wagendorp. De oersetting is makke troch Martsje de Jong (1975) fan Bitgum, dy’t fan ’t hjerst ek al tekene hat foar Roald Dahl’s De GFR.

Bert Wagendorp is skriuwer en kollumnist/sjoernalist foar de Volkskrant. Syn bekendste boek, Ventoux (2013), is al mear as 200.000 kear ferkocht. It boek is ek al yn meardere talen oerset, foar toaniel bewurke en yn 2015 ferfilme.

Yn in útstjoering fan Omrop Fryslân sei âld-Lemster Wagendorp fan ’t winter dat syn boek him goed liene soe foar in oersetting yn it Frysk. Dy kâns ha wy pakt!

It boek wurdt presintearre op freed 30 juny, as Regaad yn Grins de “Tour de Frise” organisaasje, in sportliterêre jûn (mei Wagendorp as earegast), mei ek de boekpresintaasje yn it program. Sjoch hjir foar mear nijs oer de ‘Tour de Frise.

Ferkeappriis: €10 (ekskl. ferstjoerkosten); klik hjir om te bestellen.

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn