Verne-app yn de app-store

Skreaun troch admin op 18/10/2016 yn Nijs

nijs_verne_appstore_805x350

Us prachtige Verne-app, de digitale ferzje fan it stripboek “In wrâldreis yn 80 dagen” fan Jules Verne, stiet einliks yn de app-store. Makke troch Buro Klei, en dy ha har der perfoarst net maklik ôfmakke, heite! Muzyk, allegearre ekstra ynformaasje, meartalige links, folle net genôch.

Enneh… oars as wy earst fan doel wienen, ha wy besletten om de app FERGEES beskikber te meitsjen.

Hatsee, downloade dy boel, sykje yn de appstore of googleplay op “Verne Frysk” en it komt hielendal goed!

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn