Ynskriuwaksje Twadde Druk bekroande ‘Erik’

Skreaun troch admin op 20/09/2016 yn Nijs

Boek_ErikGeart Tigchelaar hat foar syn oersetting fan Godfried Bomans syn ‘Erik of it Lyts Ynsekteboek’ (Regaad, 2015) de Obe Postmapriis 2016 takend krigen. Dêr binne wy fansels ôfgryslik grutsk op – en ek op Nina Peckelsen, want har prachtige yllustraasjes sille de sjuery grif holpen ha om it boek te bekroanen. De earste, tige beheinde oplage wie fan’t simmer al útferkocht, en dat is fansels prachtich. Mar spitigernôch hat Regaad, in stifting sûnder kommersjeel eachmerk, net de mooglikheden om it finansjele risiko fan in twadde druk te dragen en dus kin dy der net komme, ek al is it boek bekroand. Of… it soe wêze moatte dat jim ús helpe wolle! Want wy moatte wis wêze fan in ferkeap fan 150 stiks om út de kosten te kommen.

Asto fynst dat der in twadde edysje fan dit prachtboek komme moat, skriuw dy dan yn foar ien of mear eksimplaren fia erik@regaad.nl. Jou fóar 15 oktober dyn namme en adres op, en it tal eksimplaren datst bestelle wolst (€15,- ekskl. ferstjoerkosten). Sadree’t wy de 150 oantikje, gean wy oer ta drukken en krijst binnen in wike as trije dyn eksimpla(a)r(en) tastjoerd – ast wolst sels sinjearre troch Geart en Nina (meld dat dan ek yn dyn bestelling).

O ja: ûnder har dy’t dit berjocht diele op Facebook, ferlotsje wy in fergees en sinjearre eksimplaar fan de twadde druk!

Share on FacebookShare on Google+Tweet about this on TwitterShare on LinkedIn