Utjouwerij Regaad bringt Netflix-hit yn it Frysk

Skreaun troch admin op 09/05/2022 yn Uncategorized

Op freedtemiddei 13 maaie presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Nancy Springer’s berneboek ‘Enola Holmes: De saak fan de fermiste markys’. Neist dat it boek ferneamd is troch de ûnder bern tige populêre Netflix-ferfilming, is dit foar Regaad de alderearste kear dat sy in oersetting bringe dy’t noch net yn it Nederlânsk ferskynd is. De

MEAR LÊZE

Damje mei ome Hajo

Skreaun troch admin op 01/02/2022 yn Nijs

Meindert Talma syn debútroman út 1999 no einliks ek yn it Frysk! Hajo Talma is in frijgesel en âld-SRV-man, dy’t al syn frije tiid besteget oan it lêzen fan de bibel. De persoan dy’t him it measte om him bekroadet, is syn omkesizzer Meindert, dêr’t er altiten fan wint mei damjen. Ome Hajo is ien

MEAR LÊZE

“De bruorren Liuwehert” is foardroegen foar de IBBY Honour List 2022

Skreaun troch admin op 19/10/2021 yn Nijs

“Rymke Zijlstra har oersetting fan Astrid Lindgren’s berneklassiker “De bruorren Liuwehert” is foardroegen foar de IBBY Honour List 2022. Dat hat de Nederlânske ôfdieling fan de International Board on Books for Young People (IBBY) bekendmakke. De IBBY Honour List is in twajierlikse, ynternasjonale list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen. Foar de foarrige

MEAR LÊZE

Obe Postmapriis foar Jan Popkema’s ‘It Parfum’

Skreaun troch admin op 19/11/2020 yn Nijs

Yn oktober 2020 waard bekendmakke dat de Obe Postmapriis, de provinsjale oersetpriis, takend is oan Jan Popkema (1942), foar syn oersetting “It Parfum”. Popkema’s oersetting fan Patrick Süskind’s bekende boek út 1985 is yn 2018 ferskynd by Regaad. It ferhaal giet oer de moardner Grenouille, dy’t yn it 18e-iuwske Frankryk omdoarmet en fan de rook

MEAR LÊZE

Fryske Bouquet 14 april yn de skappen

Skreaun troch admin op 10/04/2020 yn Uncategorized

Op 14 april ferskynt by Regaad, yn gearwurking mei Harlequin, it allerearste Frysktalige diel fan de wrâldferneamde Bouquet-rige: Leafde yn Ljouwert. De setting fan it romantyske ferhaal is it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert, dêr’t de ambisjeuze ‘quest relations manager’ Jinte Jellema in stoarmeftige relaasje krijt mei de knappe Fryske tycoon Hein van Kammen. It ferhaal

MEAR LÊZE

Bestellingen

Skreaun troch admin op 01/03/2020 yn Nijs

Op dit stuit is der in technysk probleem mei ús website. Wy kinne hjirtroch tydlik gjin plaatsjes uploade en ek us webshop is no net goed by te wurkjen. Wy dogge ús bêst dit probleem sa gau as mooglik te ferhelpen. Oant dy tiid kinne jo om ús boeken te bestellen in mail stjoere nei: erik@regaad.nl

MEAR LÊZE

Presintaasje ‘De bruorren Liuwehert’

Skreaun troch admin op 04/11/2019 yn Nijs

De skipsjonges fan Bontekoe, Erik of it lyts ynsekteboek, In wrâldreis yn 80 dagen, De GFR, Teltsjes fan Tellegen… Op 15 novimber bringt Regaad in nije titel yn ús moaie rige berneboeken: De bruorren Liuwehert, fan de wrâldferneamde Sweedske skriuwster Astrid Lindgren. Dizze nagelnije oersetting is fan Rymke Zijlstra, de bysûndere yllustraasjes binne makke troch Kim Hunnersen

MEAR LÊZE

Oersetting Popkema op ynternasjonale berneboekelist

Skreaun troch admin op 28/06/2019 yn Nijs

Teltsjes fan Tellegen. Alventritich bisteferhalen, oerset troch Anne Tjerk Popkema, is foardroegen foar de IBBY Honour List 2020. Dat hat de Nederlânske ôfdieling fan de International Board on Books for Young People (IBBY) bekendmakke. De IBBY Honour List is in twajierlikse list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen. Foar de foarrige IBBY Honour List, fan 2018, waard

MEAR LÊZE

Twadde printinge Teltsjes fan Tellegen

Skreaun troch admin op 04/10/2018 yn Nijs

Ferline jier waard op 4 oktober – Bistedei – it earste eksimplaar fan Teltsjes fan Tellegen útrikt oan Toon Tellegen, dy’t doe foar dy gelegenheid nei Ljouwert kaam wie. De earste printinge wie lykwols al rillegau útferkocht, ek om’t it boek it goed die yn de saneamde ‘sutelaksjes’, wêrby’t kroaden mei Fryske boeken by de

MEAR LÊZE

Boekpresintaasje ‘It Parfum’

Skreaun troch admin op 07/05/2018 yn Nijs 527 Comments

Op tongersdeitejûn 24 maaie wurdt ús nijste boek presintearre: Patrick Süskinds wrâldferneamde misdiedroman ‘It Parfum’, oerset troch de frisist en neerlandikus Jan Popkema. De oanwêzigen wurde op rûnfeartboat “Harmonie” (lisplak: tsjinoer Loswal 14, Drachten) fan 19.00 ôf ûnthelle op kofje en tee. Om 19.30 oere stekke we ôf foar in prachtige rûnfeart oer de Smelle

MEAR LÊZE