Op sneontemiddei 17 septimber fan 15.30-17.30 oere fynt yn MFC De Wjukken te Mantgum de presintaasje plak fan ús nijste boek: Roald Dahl’s De GFR. It boek is firtuoas oerset troch Martsje de Jong en Hilda Groenesteyn hat de prachtige kleureyllustraasjes makke.
De Grutte Freonlike Reus is – dat wit fansels eltsenien – dejinge dy’t bern harren dreamen jout. Dêrom sil de presintaasje yn it ramt fan dreamen én fan bern stean. Dat wurdt wat bysûnders, want bern kinne, mei harren, âlden en pakes en beppes, op dreamejacht! Hoe’t dat sit?… Dat sjogge jim fansels, kom op sneon 17 septimber mar gewoan nei Mantgum!