STRIPBOEKPRESINTAASJE ‘IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN’

Wat in prachtige jûn wie dat, woansdei 1 juny yn Drachten, yn de aula fan lokaasje Raai fan CSG Liudger. Mei mear as 140 minsken wie it in geweldige opkomst, en de stripboeken fleagen neitiid de doar út. Logysk ek, want wa’t wat geduld hie koe in hân-‘tekening’ krije fan de tekener, Roelof Wijtsma, én ien fan Redmond O’Hanlon. De darwinist en selsferklearre 19e-iuwer O’Hanlon is in wrâldferneamde reizger, skriuwer en programmamakker (o.a. O’Hanlons Helden, VPRO 2013). Hy gie mei sichtbere wille yn petear mei Jelte Posthumus, dosint fan it Liudger, oer kommunikaasje, minderheden, én fansels oer Jules Verne. It waard in prachtich ynterview, mei gâns fragen út de seal wei. Nei ôfrin waard it earste eksimplaar fan it stripboek útrikt oan de deputearre fan Kultuer, frou Sietske Poepjes, dy’t wakker ynnaam wie mei it projekt.

Lês hjir it ferslach – mei in hiele bulte foto’s – dat yn de Drachtster Courant ferskynde.

Foto: Fokke WesterFokke Wester DSC_6452-950x712