Yn jannewaris en febrewaris 2016 is De skipsjonges fan Bontekoe (J. Fabricius) it Fryske Boek fan de Moanne. Dat betsjut dat it boek op in prominint plak yn de bettere boekhannel leit, en tydlik foar in spesjale aksjepriis oanbean wurdt: €17,50. Regaad hat dizze oersetting fan Anne Tjerk Popkema, mei prachtige yllustraasjes fan Roelof Wijtsma, yn maart 2015 útjûn.