De skipsjonges fan Bontekoe

‘It libben fan in mán, jonges, ferrint net sûnder stoarmen.’

Boek_Bontekoe

Bekende wurden foar wa’t oait it ferneamde jongesboek De scheepsjongens van Bontekoe lêzen hat. It ferhaal fan de ûngeloksreis fan skipper Willem Ysbrantsz. Bontekoe en syn ‘Nieuw-Hoorn’ is tige bekend. Op basis fan it orizjinele 17e-ieuske skipssjoernaal fan Bontekoe hat Johan Fabricius yn 1923 syn ferneamde jongesboek skreaun. It boek mei de aventoeren fan de trije skipsjonges Hajo, Padde en Rolf is al mear as 250.000 kear ferkocht, ferfilme, as strip útjûn en ek al oerset yn acht talen – mar net yn it Frysk!

Dêr hat Utjouwerij Regaad feroaring yn brocht. Maart 2015 is De skipsjonges fan Bontekoe yn in prachtige útjefte ferskine, yn in oersetting fan Anne Tjerk Popkema en mei nije kleureyllustraasjes fan Roelof Wijtsma. Sadat Fryske lêzers tenei de wurden fan Johan Fabricius yn har memmetaal lêze kinne: ‘It libben fan in mán, jonges, ferrint net sûnder stoarmen.’

ISBN: 978 90 821 970 1 3
NUR: 280

BESTELLE

Comments are closed.