De wiete poes

“De dochter mei der wêze ­– ja, se hat by de skepper op skoat sitten!”

Fryske folksferhalen stean op ’t heden bot yn de belangstelling. Mar in bepaald skift fan dy folksferhalen is noch altiten net by de Friezen telâne kaam: de ûnfoege, ûnfatsoenlike fertellings, dy’t fansels ek omgean ûnder it folk. Folkskundige Jurjen van der Kooi hat in prachtige seleksje fan sok skabreus materiaal makke. Skriuwer en ferhaleferteller Douwe Kootstra hat dat wer bewurke oant wat it no is: in kreas boekje fol fize ferhaaltsjes – mei fize plaatsjes!

It boek is fan 4 novimber 2017 ôf te krijen.

Regaad Nûmer 8
ISBN: 9789082197075
NUR: 345
– 112 siden
– 12,5 x 19,5 sm
– Mei Neiwurd fan Jurjen van der Kooi
– Mei kollaazjes fan Peter Boersma

ÚTFERKOCHT

Noch te keap by Fryske boekwinkels

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren