It parfum

‘Se hie read hier en droech in grize mouleaze jurk. Har earms wiene hiel blank en har hannen giel fan de iepensniene mirabellen. Grenouille stie oer har hinne bûgd en sûgde har rook no yn, ûnfermongen, sa’t dy út har nekke kaam, út har hier, út ’e iepening yn har jurk, en liet dy by him binnenstreame as in mylde wyn. Noait hie er him sa goed field. It famke lykwols fernaam kjeld.’

Yn it Frankryk fan de achttjinde iuw stjonkt it. Slim. Mids alle roken, goed en kwea, ûntjout de jonge Jean-Baptiste Grenouille him mei syn boppeminsklik goede noas ta in geniaal parfumeur. Mar sa skerp as syn noas is, sa stomp is syn gewisse. Yn syn syktocht nei it ultime parfum is mearfâldige moard foar Grenouille oars net as in needsaaklik kwea. Mei It parfum. De skiednis fan in moardner skreau Patrick Süskind (1949) in magistrale thriller. Dizze moderne klassiker is al mear as 20 miljoen kear ferkocht. No, yn de oersetting fan Jan Popkema, is er ek yn it Frysk beskikber.

Yn novimber 2020 hat oersetter Jan Popkema foar It Parfum de Obe Postmapriis krigen, de fjouwerljierlikse provinsjale oersetpriis.

Regaad Nûmer 9
ISBN: 978 90 821970 8 2
NUR: 302
– 294 siden
– 135 x 210 mm
– Softcover mei flappen

€12,50

BESTELLE
Op dit stuit is der in technysk probleem mei ús website. Wy kinne hjirtroch tydlik gjin plaatsjes uploade en ek us webshop is no net goed by te wurkjen. Wy dogge ús bêst dit probleem sa gau as mooglik te ferhelpen. Oant dy tiid kinne jo om ús boeken te bestellen in mail stjoere nei: erik@regaad.nl

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren

BewarenBewaren