“Ik woe dat ik oars wie, tocht er. Of dat alles oars wie, tocht er, dan hoegde ik net oars te wêzen”
Wylst de oaljefant op in gleonhite simmerdei it swimbad leechsûget, falt de sinne heech oan de loft yn sliep: krekt in dei foar de de sprinkhoanne om ris oer it hielal te springen.
Yn de wrâld fan Toon Tellegen is neat normaal, mar is ek neat apart. Doarmje mar lekker tusken de bisten fan de bosk om. Mar tink der al om, want it kin tsjuster wêze, de kikkert hat de moanne krekt opfretten.
‘Teltsjes fan Tellegen’ is in boek mei alventritich fan de moaiste ferhalen fan de grutte ferteller Toon Tellegen, mei soarch selektearre út syn ûnbidich grutte oeuvre. Tellegens wurk heart ta de moderne klassikers, en is no foar it earst ek yn it Frysk te lêzen. De yllustraasjes binne fan it jonge talint Douwe Dijkstra; de oersetting is fan Anne Tjerk Popkema.
Yn juny 2019 is dit boek foardroegen foar de IBBY Honour List 2020. De IBBY Honour List is in twajierlikse list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen.
Regaad Nûmer 7
ISBN: 978 90 82197 0 68
NUR: 280
– 88 siden
– 19,5 x 25,5 sm
– Mei yllustraasjes fan Douwe Dijkstra
– Hardcover
€15,00
BESTELLE
Op dit stuit is der in technysk probleem mei ús website. Wy kinne hjirtroch tydlik gjin plaatsjes uploade en ek us webshop is no net goed by te wurkjen. Wy dogge ús bêst dit probleem sa gau as mooglik te ferhelpen. Oant dy tiid kinne jo om ús boeken te bestellen in mail stjoere nei: erik@regaad.nl
Foar mear ynformaasje oer Douwe Dijkstra sjoch op: www.douwe-dijkstra.tumblr.com