Ventoux

Boek_Ventoux

‘Wy rieden swijend omheech. It wie as beslûpten wy de Ventoux fan in geheime kant, yn stee fan frontaal oan te fallen troch de Bosk’

Op 25 juny 1982 ferûngelokket de jonge, talintfolle dichter Peter Seegers op de Mont Ventoux yn it bywêzen fan syn fiif bêste freonen. Tritich jier letter gean sy, fjouwer mannen en in frou, werom nei de Provence. Wat is der tritich jier lyn krekt bard? Kinst weromkomme op eardere keuzes? Wat docht de tiid? Wat ís de tiid? Kin leafde in hechte freonskip brekke? Kin men skuld ha oan it needlot?

Ventoux fan skriuwer/sjoernalist Bert Wagendorp is in magistraal boek oer freonskip en tiid, oer leafde en skuld. Net om ’e nocht is it ien fan de grutste bestsellers fan de ôfrûne jierren, is it ferfilme en bewurke foar toaniel en oerset yn meardere talen – en no ek yn it Frysk, troch Martsje de Jong.

Regaad Nûmer 6
ISBN: 978 90 82197 0 51
NUR: 302
– 284 siden
– 135 x 210 mm
– Softcover mei flappen

€10,-

BESTELLE
Op dit stuit is der in technysk probleem mei ús website. Wy kinne hjirtroch tydlik gjin plaatsjes uploade en ek us webshop is no net goed by te wurkjen. Wy dogge ús bêst dit probleem sa gau as mooglik te ferhelpen. Oant dy tiid kinne jo om ús boeken te bestellen in mail stjoere nei: erik@regaad.nl

BewarenBewaren