Boekpresintaasje ‘It Parfum’

Skreaun troch admin op 07/05/2018 yn Nijs
Op tongersdeitejûn 24 maaie wurdt ús nijste boek presintearre: Patrick Süskinds wrâldferneamde misdiedroman ‘It Parfum’, oerset troch de frisist en neerlandikus Jan Popkema. De oanwêzigen wurde op rûnfeartboat “Harmonie” (lisplak: tsjinoer Loswal 14, Drachten) fan 19.00 ôf ûnthelle op kofje en tee. Om 19.30 oere stekke we ôf foar in prachtige rûnfeart oer de Smelle Ie. Underweis sille we muzyk en poëzij hearre fan Hein Jaap Hilarides en Elmar Kuiper, en Parfum-kenner dr. Henk Harbers (RuG) sil ús fertelle hoe geweldich Süskind syn boek eins yninoar stekt. Om 22.30 oere lizze we wer oan yn Drachten.
De tagong is fergees, mar fanwegen it beheinde tal plakken op de boat is it oan te rieden om jo yn it foar oan te melden fia ynfo@regaad.nl û.f.f ‘oanmelding Parfum’.

Comments are closed.