Bouquet: Leafde yn Ljouwert

Regaad hat, yn gearwurking mei Harlequin, it allerearste Frysktalige diel fan de wrâldferneamde Bouquet-rige útjûn: Leafde yn Ljouwert. De setting fan it romantyske ferhaal is it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert, dêr’t de ambisjeuze ‘quest relations manager’ Jinte Jellema in stoarmeftige relaasje krijt mei de knappe Fryske tycoon Hein van Kammen. It ferhaal is spesjaal foar dizze Fryske útjefte skreaun troch de iennige Nederlânske auteur fan Bouquet-ferhalen, Fleur van Ingen, dy’t sels yn Fryslân wennet. It is oerset nei it Frysk troch Martsje de Jong. It boekje leit fan 14 april ôf foar €4,99 yn de skappen.

Foar boekhandels te bestellen fia ynfo@regaad.nl, minimale ôfname 10 ekss.

“Se seach hoe’t syn donkere eagen har wurdearjend opnamen, doe’t se efkes útstapte. Wat wie er kreas! Alles oan him like gewoan te kloppen. Lang, gespierd… Syn donkerblonde hier hong yn lytse kroltsjes tsjin syn foarholle
en syn kin wie net skeard.
De blik dy’t se him stjoerde, de wize wêrop’t se har eagen oer syn lichem glydzje liet, it benaam Hein van Kammen efkes de adem. Hy fielde hoe’t syn hertslach flugger waard doe’t er yn har himelsblauwe eagen seach. Se wie bloedmoai, sûnder twivel ien fan de moaiste froulju dy’t er oait troffen hie.
Ferjit Marjan net, hearde er in ferfelend stimke yn syn holle sizzen. Dy gedachte sette him fuort wer mei beide fuotten op ’e grûn. Wat soe syn ferloofde sizze as se derachter kaam dat er op dy manier nei oare froulju seach? No ja, tsjin it sjen op himsels soe se nei alle gedachten net folle beswier ha, mar it sjen fan dit blonde plaatsje makke in kettingreaksje oan emoasjes by him los. Emoasjes dy’t er eins foar Marjan fiele moatte soe…”