Meindert Talma syn debútroman út 1999 no einliks ek yn it Frysk! Hajo Talma is in frijgesel en âld-SRV-man, dy’t al syn frije tiid besteget oan it lêzen fan de bibel. De persoan dy’t him it measte om him bekroadet, is syn omkesizzer Meindert, dêr’t er altiten fan wint mei damjen. Ome Hajo is ien
Nijs
“De bruorren Liuwehert” is foardroegen foar de IBBY Honour List 2022
“Rymke Zijlstra har oersetting fan Astrid Lindgren’s berneklassiker “De bruorren Liuwehert” is foardroegen foar de IBBY Honour List 2022. Dat hat de Nederlânske ôfdieling fan de International Board on Books for Young People (IBBY) bekendmakke. De IBBY Honour List is in twajierlikse, ynternasjonale list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen. Foar de foarrige
Obe Postmapriis foar Jan Popkema’s ‘It Parfum’
Yn oktober 2020 waard bekendmakke dat de Obe Postmapriis, de provinsjale oersetpriis, takend is oan Jan Popkema (1942), foar syn oersetting “It Parfum”. Popkema’s oersetting fan Patrick Süskind’s bekende boek út 1985 is yn 2018 ferskynd by Regaad. It ferhaal giet oer de moardner Grenouille, dy’t yn it 18e-iuwske Frankryk omdoarmet en fan de rook
Bestellingen
Op dit stuit is der in technysk probleem mei ús website. Wy kinne hjirtroch tydlik gjin plaatsjes uploade en ek us webshop is no net goed by te wurkjen. Wy dogge ús bêst dit probleem sa gau as mooglik te ferhelpen. Oant dy tiid kinne jo om ús boeken te bestellen in mail stjoere nei: erik@regaad.nl
Presintaasje ‘De bruorren Liuwehert’
De skipsjonges fan Bontekoe, Erik of it lyts ynsekteboek, In wrâldreis yn 80 dagen, De GFR, Teltsjes fan Tellegen… Op 15 novimber bringt Regaad in nije titel yn ús moaie rige berneboeken: De bruorren Liuwehert, fan de wrâldferneamde Sweedske skriuwster Astrid Lindgren. Dizze nagelnije oersetting is fan Rymke Zijlstra, de bysûndere yllustraasjes binne makke troch Kim Hunnersen
Oersetting Popkema op ynternasjonale berneboekelist
Teltsjes fan Tellegen. Alventritich bisteferhalen, oerset troch Anne Tjerk Popkema, is foardroegen foar de IBBY Honour List 2020. Dat hat de Nederlânske ôfdieling fan de International Board on Books for Young People (IBBY) bekendmakke. De IBBY Honour List is in twajierlikse list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen. Foar de foarrige IBBY Honour List, fan 2018, waard
Twadde printinge Teltsjes fan Tellegen
Ferline jier waard op 4 oktober – Bistedei – it earste eksimplaar fan Teltsjes fan Tellegen útrikt oan Toon Tellegen, dy’t doe foar dy gelegenheid nei Ljouwert kaam wie. De earste printinge wie lykwols al rillegau útferkocht, ek om’t it boek it goed die yn de saneamde ‘sutelaksjes’, wêrby’t kroaden mei Fryske boeken by de
Boekpresintaasje ‘It Parfum’
Op tongersdeitejûn 24 maaie wurdt ús nijste boek presintearre: Patrick Süskinds wrâldferneamde misdiedroman ‘It Parfum’, oerset troch de frisist en neerlandikus Jan Popkema. De oanwêzigen wurde op rûnfeartboat “Harmonie” (lisplak: tsjinoer Loswal 14, Drachten) fan 19.00 ôf ûnthelle op kofje en tee. Om 19.30 oere stekke we ôf foar in prachtige rûnfeart oer de Smelle
Gleon yn ‘e Keet
Utjouwerij Regaad organisearret ‘Gleon yn ’e keet’: in toer by Fryske kroegen en doarpshuzen del, mei skunnige ferhalen en readewankjemuzyk. Fan ’t hjerst lûkt masterferteller Douwe Kootstra alle registers iepen mei al it ûnfoege folksferhalemateriaal dat jo noait lêze of hearre mochten. Folkssanger Sytse Sneekweek soarget dêrby foar in fijn stikje Sneker shockpop. Neitiid kinne
Boekpresintaasje ‘De wiete poes’
Wa krige froeger net reade earkes by guon boeken heech yn de boekekast? ‘Keunstboeken’ neamden heit en mem dat dan meastal. Hjoeddedei binne wy de skamte lykwols wol foarby. Of… Dochs net? Wy daagje jim út om op freed 3 novimber om 15.30 oere yn Café Moarkswâl yn Aldtsjerk de presintaasje by te wenjen fan