Moaie ympresje fan ferskate fotografen fan ús presintaasje fan ‘Teltsjes fan Tellegen’, ferline wike woansdei, 4 oktober. Se fleane de doar út, trouwens, dat wês derby! MEAR
Nijs
Presintaasje Teltsjes fan Tellegen
Op 4 oktober wurdt ús folgjende boek presintearre: ‘Teltsjes fan Tellegen – Alventritich bisteferhalen’, yllustrearre troch Douwe Dijkstra en yn in Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema. De presintaasje sil wêze by Boekhannel Van der Velde Ljouwert, oan de Nijstêd. Toon Tellegen sil sels it earste eksimplaar yn ûntfangst meinimme, en fierder is der in schminkartyst,
Twadde printinge De GFR
Begjin oktober ferskynt by Regaad in twadde printinge fan de Fryske oersetting fan Roald Dahl syn wrâldwide bestseller, De GFR (De Grutte Freonlike Reus). De earste printinge yn septimber 2016, en wie al binnen in pear moannen útferkocht, benammen troch it grutte sukses fan it boek by de ‘sutelaksjes’. Koartlyn hat de International Board on Books for Young People (IBBY)
‘Tour de Frise’ mei Bert Wagendorp
Op freedtejûn 30 juny, de deis foardat de Tour de France begjint, organisearret Utjouwerij Regaad yn Grins de Tour de Frise, in sportliterêre jûn. Oan it program wurkje mei: Bert Wagendorp, Joop Atsma, Jaap Krol, Edwin de Groot, Geart Tigchelaar, Martsje de Jong, André Looijenga en de eardere Fryske fytsprof Eddy Schurer. De jûn wurdt folle
‘Ventoux’ yn it Frysk
Fan 1 july (de deis dat de Tour de France begjint) ôf te krijen: Ventoux, de magistrale bestseller fan Bert Wagendorp. De oersetting is makke troch Martsje de Jong (1975) fan Bitgum, dy’t fan ’t hjerst ek al tekene hat foar Roald Dahl’s De GFR. Bert Wagendorp is skriuwer en kollumnist/sjoernalist foar de Volkskrant. Syn
Oaljeflutteresept
Op 1 kilogram [1] weetblom: – 6 ûns rezinen / krinten ( evt. ek sukade of snipele apel ) – [2] 3 aaien – 1 ûns bakkersgêst ( fan jo lokale bakker dus, net út in pakje ) – 4 teeleppeltsjes sâlt – 1 mingel molke – 2 [3] skepkes sûker – 1 ûns ( boere ) bûter – 0,3 mingel wite wyn of brune rum – om te bakken : sawat 2 mingel
Twadde printinge bekroande Erik
De twadde printinge fan it boek Erik of it lyts ynsekteboek (2015), de Fryske oersetting (troch Geart Tigchelaar) fan it ferneamde boek fan Godfried Bomans, is klear. Begjin septimber waard bekend dat de Obe Postmapriis, de provinsjale priis foar oersettings, oan Erik takend wurde soe. De útrikking fan de ‘Obe’ oan Tigchelaar is op freedtemiddei
Verne-app yn de app-store
Us prachtige Verne-app, de digitale ferzje fan it stripboek “In wrâldreis yn 80 dagen” fan Jules Verne, stiet einliks yn de app-store. Makke troch Buro Klei, en dy ha har der perfoarst net maklik ôfmakke, heite! Muzyk, allegearre ekstra ynformaasje, meartalige links, folle net genôch. Enneh… oars as wy earst fan doel wienen, ha wy besletten
Ynskriuwaksje Twadde Druk bekroande ‘Erik’
Geart Tigchelaar hat foar syn oersetting fan Godfried Bomans syn ‘Erik of it Lyts Ynsekteboek’ (Regaad, 2015) de Obe Postmapriis 2016 takend krigen. Dêr binne wy fansels ôfgryslik grutsk op – en ek op Nina Peckelsen, want har prachtige yllustraasjes sille de sjuery grif holpen ha om it boek te bekroanen. De earste, tige beheinde
Obe Postmapriis foar Geart Tigchelaar
Foar syn oersetting fan Erik of it Lyts Ynsekteboek (Regaad, 2015) is Geart Tigchelaar de Obe Postmapriis 2016 takend. De ‘Obe’ is ien fan de wichtichste provinsjale kutluerprizen en wurdt ienris de fjouwer jier útrikt. Wy binne grutsk op Geart – en op ús boek! Want dat Nina Peckelsen der sokke moaie platen by makke