Nijs

‘OBE FOARSPUL’: MIDDEI OER FRYSKE OERSETTERIJ

Skreaun troch admin op 06/09/2016 yn Nijs

Op freedtemiddei 9 septimber organisearje Utjouwerij Regaad en jongereinstifting Skanomodu it Obe Foarspul, in spesjale middei oer Fryske oersettings. De oanlieding is it Frysk Boekefeest (Tresoar) fan dyselde jûns, dêr’t de winner op bekendmakke wurde sil fan de Obe Postmapriis, de grutste provinsjale oersetpriis. It Obe Foarspul, fynt de middeis fan 15.30-18.00 oere plak op

MEAR LÊZE

PRESINTAASJE DE GRUTTE FREONLIKE REUS

Skreaun troch admin op 29/08/2016 yn Nijs

Op sneontemiddei 17 septimber fan 15.30-17.30 oere fynt yn MFC De Wjukken te Mantgum de presintaasje plak fan ús nijste boek: Roald Dahl’s De GFR. It boek is firtuoas oerset troch Martsje de Jong en Hilda Groenesteyn hat de prachtige kleureyllustraasjes makke. De Grutte Freonlike Reus is – dat wit fansels eltsenien – dejinge dy’t

MEAR LÊZE

DREAMEBOEKJE/DROMENBOEKJE

Skreaun troch admin op 30/06/2016 yn Nijs

By gelegenheid fan de presintaasje fan de Fryske oersetting fan Roald Dahl’s De GFR, sneontemiddei 17 septimber yn Mantgum. Hasto wolris dreamd datst ûnder wetter sykhelje koest? Datst sels yn in blitse auto ride mochtest, ek al wiest noch mar tsien? Datst in jurk oanhiest dy’t fan sjokola wie mar net rane koe, sels al

MEAR LÊZE

PRESINTAASJE DIGITAAL STRIPBOEK IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN

Skreaun troch admin op 30/04/2016 yn Nijs

Op 25 maaie, by in ûnderwiiskongres fan it Cedin yn it Adverium te Drachten, sil de digitale ferzje fan ús stripbewurking fan Jules Verne’s In wrâldreis yn 80 dagen presintearre wurde. De app befettet fansels it hiele stripferhaal (en de tekst fan de roman, yn Fryske oersetting), mar de strip is boppedat ferrike mei audio, animaasje en

MEAR LÊZE

IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN

Skreaun troch admin op 05/04/2016 yn Nijs

Op it heden lizze wy de lêste hân oan ús earste stripboek: in bewurking fan Jules Verne syn ferneamde ferhaal út 1872, In wrâldreis yn 80 dagen. De tekeningen binne fan Roelof Wijtsma, dy’t earder ek De skipsjonges fan Bontekoe (2015) foar Regaad yllustrearre hat. Oer senario en tekstbewurking hat in team gear west, ûnder

MEAR LÊZE

BOEK FAN DE MOANNE

Skreaun troch admin op 05/02/2016 yn Nijs

Yn jannewaris en febrewaris 2016 is De skipsjonges fan Bontekoe (J. Fabricius) it Fryske Boek fan de Moanne. Dat betsjut dat it boek op in prominint plak yn de bettere boekhannel leit, en tydlik foar in spesjale aksjepriis oanbean wurdt: €17,50. Regaad hat dizze oersetting fan Anne Tjerk Popkema, mei prachtige yllustraasjes fan Roelof Wijtsma,

MEAR LÊZE

PRESINTAASJE ERIK OF IT LYTS YNSEKTEBOEK

Skreaun troch admin op 02/10/2015 yn Nijs

Op freedtemiddei 20 novimber wurdt it nijste boek fan Regaad presintearre: Erik of it lyts ynsekteboek. Godfried Bomans’ ferneamde berneboek út 1941 is oerset troch Geart Tigchelaar (1987), en Nina Peckelsen (1990) is oanlutsen om yn har eigensinnige, feeërike styl de wrâld fan it lytse wrimelt dêr’t de lytse Erik samar yn bedarret, ta libben

MEAR LÊZE

WRÂLDREIS YN 80 DAGEN

Skreaun troch admin op 02/10/2015 yn Nijs

Op it heden wurket Regaad oan in graphic novel: in Fryske bewurking fan Jules Vernes In wrâldreis yn tachtich dagen. Dizze wrâldferneamde klassiker út 1873 is yn 2010 yn it Frysk oerset troch Syt Bakker-Palma, en har oersetting is de basis fan ús nagelnije skript. Yn ’e mande mei yllustrator Roelof Wijtsma skriuwt Regaad sels

MEAR LÊZE