“De bruorren Liuwehert” is foardroegen foar de IBBY Honour List 2022

Skreaun troch admin op 19/10/2021 yn Nijs

“Rymke Zijlstra har oersetting fan Astrid Lindgren’s berneklassiker “De bruorren Liuwehert” is foardroegen foar de IBBY Honour List 2022. Dat hat de Nederlânske ôfdieling fan de International Board on Books for Young People (IBBY) bekendmakke. De IBBY Honour List is in twajierlikse, ynternasjonale list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen. Foar de foarrige IBBY Honour List, fan 2020, waard in oar boek fan Regaad selektearre: Anne Tjerk Popkema syn oersetting “Teltsjes fan Tellegen”. Ek op de Honour List fan 2018 stie in boek dat by Regaad ferskynd is: Martsje de Jong har oersetting fan Roald Dahl’s berneklassiker De GFR.”