By gelegenheid fan de presintaasje fan de Fryske oersetting fan Roald Dahl’s De GFR, sneontemiddei 17 septimber yn Mantgum.
Hasto wolris dreamd datst ûnder wetter sykhelje koest? Datst sels yn in blitse auto ride mochtest, ek al wiest noch mar tsien? Datst in jurk oanhiest dy’t fan sjokola wie mar net rane koe, sels al wie it hiel hyt of sprongest mei klean oan ûnder de waarme dûsj? No, goeie kâns datst dy dream krigen hast út de toeter fan de GFR.
GFR? Dreamen út in toeter? Ja, dat sit sa: de GFR is De Grutte Freonlike Reus. Dy is hiel aardich, en hy rint nachts troch de strjitten om by bern troch it rút dreamen yn harren sliepkeammerkes te blazen, mei syn toeter. Dan draaft er wer werom nei syn grot yn Reuzelân, dêr’t fierder allinne mar hiel gemiene reuzen binne. De GFR hat in glûpende hekel oan dy stomme reuzen, mar hy moat wol werom, want hy moat hieltiten nije dreamen fange. Hy hat der yntusken miljoenen, en bewarret se yn potsjes, mei etiketten derop.
En no kinsto ék dyn eigen dream yn in potsje krije! Dat sit sa, yn septimber komt it prachtige boek oer de GFR, dat skreaun is troch Roald Dahl, út yn it Frysk. Om dat te fieren sammelje wy alle dreamen fan Fryske bern yn potsjes mei etiketten, en dy dreampotsjes bringe wy op sneontemiddei 17 septimber allegearre nei Mantgum ta.
No soenen wy wolle datsto de nuverste dream dy’tst oait hân hast, opskriuwst, dat ferhaal mailst nei ynfo@regaad.nl, en dan dogge wy dyn dream yn in potsje, mei dyn ferhaal op it etiket. Fan de 50 moaisten meitsje wy boppedat in prachtich kadoboekje. En it moaie is datsto sels, asto op sneontemiddei 17 septimber nei Mantgum komst, dyn eigen potsje opsykje kinst. Ast ’m dêr fynst meist ’m hâlde, en dan krijst boppedat it Dreameboekje/Dromenboekje der fergees by. En om’t it feest is, krije heit, mem, master of juf ek nochris in moaie koarting op De GFR.
De wedstryd is foar bern oant en mei 14 jier. De dream hoecht net yn it Frysk te wêzen, mar it mei fansels wol. Mar langer as 150 wurden moat er eins net wêze, oars is it etiket te lyts…
Dochst ek mei?