Utjouwerij Regaad organisearret ‘Gleon yn ’e keet’: in toer by Fryske kroegen en doarpshuzen del, mei skunnige ferhalen en readewankjemuzyk. Fan ’t hjerst lûkt masterferteller Douwe Kootstra alle registers iepen mei al it ûnfoege folksferhalemateriaal dat jo noait lêze of hearre mochten. Folkssanger Sytse Sneekweek soarget dêrby foar in fijn stikje Sneker shockpop. Neitiid kinne de wankjes noch moai efkes neigloeie mei it harkjen nei de lekkerste singeltsjes út it Nederlânsktalige ‘schuine’ genre.
De toer ‘Gleon yn ’e keet’ hat oant no ta de folgjende plakken op it programma:
Terwispel, Spaltenbrêge, sneon 4 novimber
Boazum, Boazumer Mjitte, freed 10 novimber
Burgum, Kiehool, sneon 11 novimber
Grins, Bernlef, freed 24 novimber
Drachten, Marktzicht, sneon 25 novimber
It program begjint hieltyd om 20.30 oere, en de tagong is fergees.
De oanlieding foar de toer is de ferskining, op 3 novimber, fan it earste Fryske boek mei ûnfatsoenlike folksfertellings: ‘De wiete poes, en oare ûnfoege folksferhalen’, fan Jurjen van der Kooi en Douwe Kootstra. It boek sil te keap wêze by alle toeroptredens.
Comments are closed.