Wolkom! As jo dit lêze, binne jo nei alle gedachten in dosint, en ynteressearre yn de meartalige digitale ûnderwiismetoade ‘In wrâldreis yn 80 dagen’. Utjouwerij Regaad hat dy metoade ûntwikkele op basis fan it bekende, spannende ferhaal fan Jules Verne. Yn 2016 is in stripferhaal mei deselde titel útkaam as stripboek en as (fergese) app. Nei in wiidweidige pilot op it CSG Liudger Burgum is de ûnderwiismetoade no hielendal ree foar gebrûk yn it fuortset ûnderwiis.
De app dy’t fan it stripferhaal makke is, is foar eltsenien no al fergees down te loaden, fia App Store en GooglePlay. De app is fuort ek de basis fan de ûnderwiismetoade en biedt – neist lûd en animaasje – 42 saneamde ‘ynfopunten’ (oanjûn mei kandelers), dêr’t nijsgjirrige eftergrûnynformaasje by it ferhaal yn stiet. Yn dy ynfopunten stean boppedat meartalige links (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk), dy’t noch mear ynformaasje biede, mar boppedat de learling ek ûngemurkendewei oefenje litte mei dy talen. De ynfopunten binne de rêchbonke fan de ûnderwiismetoade.
De ûnderwiismetoade is gaadlik foar vmbo oant en mei vwo (ûnderbou). De ûnderfining út de pilot is dat mei de metoade sirka 8-10 lesoeren folle wurde kinne.
Wat krije jo as jo de metoade oantúgje?
• Lesbrief – Fragen (pdf) foar de learlingen: 84 fragen en opdrachten by de 42 ynfopunten yn de app.
• Lesbrief – Dosintferzje (pdf), mei útlis en in suggestje foar gebrûk, alle fragen en in helpmiddel foar de dosint om de antwurden dy’t de learlingen jouwe, hifkje te kinnen.
• Lesbrief – Digiboerd (.exe): in spesjale ferzje fan de app dy’t nei de ict-ôfdieling fan jo skoalle stjoerd wurdt om te ynstallearjen op de server, sadat jo de app ek op it digiboerd brûke kinne.
• Foar eltse learling (en de dosint) in stripboek (maks. 34 eksimplaren; salang’t de foarried strekt).
De fêste priis fan de ûnderwiismetoade is € 395,- Mochten jo gjin priis stelle op de stripboeken, dan krije jo in koarting fan €45,- en betelje jo € 350,- (alle prizen ynkl. 6% btw).
De bestannen dy’t jo hjir fine, jouwe jo in goede yndruk fan it materiaal. Foar bestellings, reaksjes, fragen of taljochting kinne jo altiten kontakt sykje, fia: verne@regaad.nl of 06-25 42 75 48.
Wy helpe jo graach – en fine it ek moai om neitiid jo ûnderfinings te hearren!