Op it heden wurket Regaad oan in graphic novel: in Fryske bewurking fan Jules Vernes In wrâldreis yn tachtich dagen. Dizze wrâldferneamde klassiker út 1873 is yn 2010 yn it Frysk oerset troch Syt Bakker-Palma, en har oersetting is de basis fan ús nagelnije skript. Yn ’e mande mei yllustrator Roelof Wijtsma skriuwt Regaad sels in spannend stripferhaal, dat de lêzer in fantastyske reis oer de wrâld én troch de tiid meitsje lit.
Yn gearwurking mei Buro Klei wurdt fan it stripboek ek in digitale ferzje makke, dy’t gâns ekstra materiaal befetsje sil en spesjaal taret wurdt om yn it meartalich fuortset ûnderwiis ynsette te kinnen. Fansels sûnder konsessys oan de lêsberens en de estetyk. Regaad is ommers Regaad…
It stripboek sil ier yn 2016 ferskine, en de digitale ferzje letterop yn itselde jier.