Fryske Bouquet 14 april yn de skappen

Skreaun troch admin op 10/04/2020 yn Uncategorized

Op 14 april ferskynt by Regaad, yn gearwurking mei Harlequin, it allerearste Frysktalige diel fan de wrâldferneamde Bouquet-rige: Leafde yn Ljouwert. De setting fan it romantyske ferhaal is it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert, dêr’t de ambisjeuze ‘quest relations manager’ Jinte Jellema in stoarmeftige relaasje krijt mei de knappe Fryske tycoon Hein van Kammen. It ferhaal is spesjaal foar dizze Fryske útjefte skreaun troch de iennige Nederlânske auteur fan Bouquet-ferhalen, Fleur van Ingen, dy’t sels yn Fryslân wennet. It is oerset nei it Frysk troch Martsje de Jong. It boekje leit fan 14 april ôf foar €4,99 yn de skappen.

Foar boekhandels te bestellen fia ynfo@regaad.nl, minimale ôfname 10 ekss.