Yn oktober 2020 waard bekendmakke dat de Obe Postmapriis, de provinsjale oersetpriis, takend is oan Jan Popkema (1942), foar syn oersetting “It Parfum”. Popkema’s oersetting fan Patrick Süskind’s bekende boek út 1985 is yn 2018 ferskynd by Regaad. It ferhaal giet oer de moardner Grenouille, dy’t yn it 18e-iuwske Frankryk omdoarmet en fan de rook fan jonge froulju in sublym parfum gearstalle wol. De sjuery oer de oersetting: “Der giet neat fan de spanning en de driging fan it orizjineel ferlern. Men fielt de emoasje, rûkt de stank en men sit yn ’e holle fan de moardner. In hiel rike oersetting en in prachtige prestaasje!”
De Obe Postmapriis wurdt ienris de fjouwer jier útrikt. De foarrige kear, yn 2016, waard de priis takend oan Geart Tigchelaar (1987) foar syn oersetting ‘Erik of it lyts ynsekteboek’, ek ferskynd by Regaad.
