Oersetting Popkema op ynternasjonale berneboekelist

Skreaun troch admin op 28/06/2019 yn Nijs

Teltsjes fan Tellegen. Alventritich bisteferhalen, oerset troch Anne Tjerk Popkema, is foardroegen foar de IBBY Honour List 2020. Dat hat de Nederlânske ôfdieling fan de International Board on Books for Young People (IBBY) bekendmakkeDe IBBY Honour List is in twajierlikse list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen. Foar de foarrige IBBY Honour List, fan 2018, waard in oar boek fan Regaad selektearre: Martsje de Jong har oersetting fan Roald Dahl’s berneklassiker De GFR.