Gleon yn ‘e Keet

Skreaun troch admin op 24/10/2017 yn Nijs 113 Comments

Utjouwerij Regaad organisearret ‘Gleon yn ’e keet’: in toer by Fryske kroegen en doarpshuzen del, mei skunnige ferhalen en readewankjemuzyk. Fan ’t hjerst lûkt masterferteller Douwe Kootstra alle registers iepen mei al it ûnfoege folksferhalemateriaal dat jo noait lêze of hearre mochten. Folkssanger Sytse Sneekweek soarget dêrby foar in fijn stikje Sneker shockpop. Neitiid kinne

MEAR LÊZE

Boekpresintaasje ‘De wiete poes’

Skreaun troch admin op 14/10/2017 yn Nijs 117 Comments

Wa krige froeger net reade earkes by guon boeken heech yn de boekekast? ‘Keunstboeken’ neamden heit en mem dat dan meastal. Hjoeddedei binne wy de skamte lykwols wol foarby. Of… Dochs net? Wy daagje jim út om op freed 3 novimber om 15.30 oere yn Café Moarkswâl yn Aldtsjerk de presintaasje by te wenjen fan

MEAR LÊZE

Presintaasje Teltsjes fan Tellegen

Skreaun troch admin op 25/09/2017 yn Nijs

Op 4 oktober wurdt ús folgjende boek presintearre: ‘Teltsjes fan Tellegen – Alventritich bisteferhalen’, yllustrearre troch Douwe Dijkstra en yn in Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema. De presintaasje sil wêze by Boekhannel Van der Velde Ljouwert, oan de Nijstêd. Toon Tellegen sil sels it earste eksimplaar yn ûntfangst meinimme, en fierder is der in schminkartyst,

MEAR LÊZE

Twadde printinge De GFR

Skreaun troch admin op 15/09/2017 yn Nijs

Begjin oktober ferskynt by Regaad in twadde printinge fan de Fryske oersetting fan Roald Dahl syn wrâldwide bestseller, De GFR (De Grutte Freonlike Reus). De earste printinge yn septimber 2016, en wie al binnen in pear moannen útferkocht, benammen troch it grutte sukses fan it boek by de ‘sutelaksjes’. Koartlyn hat de International Board on Books for Young People (IBBY)

MEAR LÊZE

‘Tour de Frise’ mei Bert Wagendorp

Skreaun troch admin op 09/06/2017 yn Nijs

Op freedtejûn 30 juny, de deis foardat de Tour de France begjint, organisearret Utjouwerij Regaad yn Grins de Tour de Frise, in sportliterêre jûn. Oan it program wurkje mei: Bert Wagendorp, Joop Atsma, Jaap Krol, Edwin de Groot, Geart Tigchelaar, Martsje de Jong, André Looijenga en de eardere Fryske fytsprof Eddy Schurer. De jûn wurdt folle

MEAR LÊZE

‘Ventoux’ yn it Frysk

Skreaun troch admin op 08/06/2017 yn Nijs

Fan 1 july (de deis dat de Tour de France begjint) ôf te krijen: Ventoux, de magistrale bestseller fan Bert Wagendorp. De oersetting is makke troch Martsje de Jong (1975) fan Bitgum, dy’t fan ’t hjerst ek al tekene hat foar Roald Dahl’s De GFR. Bert Wagendorp is skriuwer en kollumnist/sjoernalist foar de Volkskrant. Syn

MEAR LÊZE

Oaljeflutteresept

Skreaun troch admin op 30/12/2016 yn Nijs

Op 1 kilogram [1] weetblom: – 6 ûns rezinen / krinten ( evt. ek sukade of snipele apel ) – [2] 3 aaien – 1 ûns bakkersgêst ( fan jo lokale bakker dus, net út in pakje ) – 4 teeleppeltsjes sâlt – 1 mingel molke – 2 [3] skepkes sûker – 1 ûns ( boere ) bûter – 0,3 mingel wite wyn of brune rum – om te bakken : sawat 2 mingel

MEAR LÊZE

Twadde printinge bekroande Erik

Skreaun troch admin op 03/11/2016 yn Nijs

De twadde printinge fan it boek Erik of it lyts ynsekteboek (2015), de Fryske oersetting (troch Geart Tigchelaar) fan it ferneamde boek fan Godfried Bomans, is klear. Begjin septimber waard bekend dat de Obe Postmapriis, de provinsjale priis foar oersettings, oan Erik takend wurde soe. De útrikking fan de ‘Obe’ oan Tigchelaar is op freedtemiddei

MEAR LÊZE

Verne-app yn de app-store

Skreaun troch admin op 18/10/2016 yn Nijs

Us prachtige Verne-app, de digitale ferzje fan it stripboek “In wrâldreis yn 80 dagen” fan Jules Verne, stiet einliks yn de app-store. Makke troch Buro Klei, en dy ha har der perfoarst net maklik ôfmakke, heite! Muzyk, allegearre ekstra ynformaasje, meartalige links, folle net genôch. Enneh… oars as wy earst fan doel wienen, ha wy besletten

MEAR LÊZE