Geart Tigchelaar hat foar syn oersetting fan Godfried Bomans syn ‘Erik of it Lyts Ynsekteboek’ (Regaad, 2015) de Obe Postmapriis 2016 takend krigen. Dêr binne wy fansels ôfgryslik grutsk op – en ek op Nina Peckelsen, want har prachtige yllustraasjes sille de sjuery grif holpen ha om it boek te bekroanen. De earste, tige beheinde
Obe Postmapriis foar Geart Tigchelaar
Foar syn oersetting fan Erik of it Lyts Ynsekteboek (Regaad, 2015) is Geart Tigchelaar de Obe Postmapriis 2016 takend. De ‘Obe’ is ien fan de wichtichste provinsjale kutluerprizen en wurdt ienris de fjouwer jier útrikt. Wy binne grutsk op Geart – en op ús boek! Want dat Nina Peckelsen der sokke moaie platen by makke
‘OBE FOARSPUL’: MIDDEI OER FRYSKE OERSETTERIJ
Op freedtemiddei 9 septimber organisearje Utjouwerij Regaad en jongereinstifting Skanomodu it Obe Foarspul, in spesjale middei oer Fryske oersettings. De oanlieding is it Frysk Boekefeest (Tresoar) fan dyselde jûns, dêr’t de winner op bekendmakke wurde sil fan de Obe Postmapriis, de grutste provinsjale oersetpriis. It Obe Foarspul, fynt de middeis fan 15.30-18.00 oere plak op
PRESINTAASJE DE GRUTTE FREONLIKE REUS
Op sneontemiddei 17 septimber fan 15.30-17.30 oere fynt yn MFC De Wjukken te Mantgum de presintaasje plak fan ús nijste boek: Roald Dahl’s De GFR. It boek is firtuoas oerset troch Martsje de Jong en Hilda Groenesteyn hat de prachtige kleureyllustraasjes makke. De Grutte Freonlike Reus is – dat wit fansels eltsenien – dejinge dy’t
TWADDE DRUK ‘IN WRALDREIS YN 80 DAGEN’
Binnen fiif wiken nei de druk is de earste printinge fan it stripboek In wrâldreis yn 80 dagen folslein útferkocht. Aldergeloks is de twadde druk yntusken ree, en is it boek wer te leverjen. Klik [hjir] om te bestellen.
DREAMEBOEKJE/DROMENBOEKJE
By gelegenheid fan de presintaasje fan de Fryske oersetting fan Roald Dahl’s De GFR, sneontemiddei 17 septimber yn Mantgum. Hasto wolris dreamd datst ûnder wetter sykhelje koest? Datst sels yn in blitse auto ride mochtest, ek al wiest noch mar tsien? Datst in jurk oanhiest dy’t fan sjokola wie mar net rane koe, sels al
STRIPBOEKPRESINTAASJE ‘IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN’, MEI REDMOND O’HANLON
Wat in prachtige jûn wie dat, woansdei 1 juny yn Drachten, yn de aula fan lokaasje Raai fan CSG Liudger. Mei mear as 140 minsken wie it in geweldige opkomst, en de stripboeken fleagen neitiid de doar út. Logysk ek, want wa’t wat geduld hie koe in hân-’tekening’ krije fan de tekener, Roelof Wijtsma, én
REDMOND O’HANLON EAREGAST BY FRYSKE BOEKPRESINTAASJE YN DRACHTEN
Op woansdeitejûn 1 juny sil de ferneamde reizger, skriuwer en programmamakker Redmond O’Hanlon syn opwachting meitsje yn Drachten. De streekrjochte oanlieding is de presintaasje fan in Frysktalich stripboek, in bewurking fan Jules Verne syn bekende ferhaal út 1873 oer in reis om de wrâld yn 80 dagen. It boek ferskynt by de Frysk/Grinzer útjouwerij Regaad.
PRESINTAASJE DIGITAAL STRIPBOEK IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN
Op 25 maaie, by in ûnderwiiskongres fan it Cedin yn it Adverium te Drachten, sil de digitale ferzje fan ús stripbewurking fan Jules Verne’s In wrâldreis yn 80 dagen presintearre wurde. De app befettet fansels it hiele stripferhaal (en de tekst fan de roman, yn Fryske oersetting), mar de strip is boppedat ferrike mei audio, animaasje en
IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN
Op it heden lizze wy de lêste hân oan ús earste stripboek: in bewurking fan Jules Verne syn ferneamde ferhaal út 1872, In wrâldreis yn 80 dagen. De tekeningen binne fan Roelof Wijtsma, dy’t earder ek De skipsjonges fan Bontekoe (2015) foar Regaad yllustrearre hat. Oer senario en tekstbewurking hat in team gear west, ûnder