Presintaasje ‘De bruorren Liuwehert’

Skreaun troch admin op 04/11/2019 yn Nijs

De skipsjonges fan Bontekoe, Erik of it lyts ynsekteboek, In wrâldreis yn 80 dagen, De GFR, Teltsjes fan Tellegen

Op 15 novimber bringt Regaad in nije titel yn ús moaie rige berneboeken: De bruorren Liuwehert, fan de wrâldferneamde Sweedske skriuwster Astrid Lindgren. Dizze nagelnije oersetting is fan Rymke Zijlstra, de bysûndere yllustraasjes binne makke troch Kim Hunnersen en lykas wenst hat Regaads eigen foarmjouwer Peter Boersma der wer in prachtich gehiel fan makke.

It ferskinen fan dit juwieltsje wolle we graach fiere mei dy minsken dy’t ús al langere tiid trou stypje en ús wurk in waarm hert ta drage – oftewol de minsken dy’t derfoar soargje dat we as Regaad dwaan kinne wat we it leafst dogge: prachtige Fryske boeken útbringe foar de âldere jongerein. We nûgje jo hjirby dan ek graach út om op freedtejûn 15 novimber yn de Skierstins te Feanwâlden de offisjele presintaasje fan De bruorren Liuwehert by te wenjen. De ynrin is fan 19.45 oere ôf, it ‘offisjele’ programma set útein om 20.00 oere. Willem Schoorstra komt foardragen út de Fryske Edda en Kapriol! silin moai stikje muzyk bringe! Fansels hoege jo dit net toarstich of roppich te ûndergean, yn in hapke en in drankje wurdt foarsjoen.

As jo fan doel binne om te kommen hearre wy dat graach yn it foar, y.f.m. de ketering. Dat kin troch leafst fóar 11 novimber te reagearjen troch in mail te stjoeren nei: ynfo@regaad.nl

Graach oant freed 15 novimber yn de Skierstins!