PRESINTAASJE DIGITAAL STRIPBOEK IN WRÂLDREIS YN 80 DAGEN

Skreaun troch admin op 30/04/2016 yn Nijs

NIJS_VERNE80-II_805x350Op 25 maaie, by in ûnderwiiskongres fan it Cedin yn it Adverium te Drachten, sil de digitale ferzje fan ús stripbewurking fan Jules Verne’s In wrâldreis yn 80 dagen presintearre wurde. De app befettet fansels it hiele stripferhaal (en de tekst fan de roman, yn Fryske oersetting), mar de strip is boppedat ferrike mei audio, animaasje en in hiel soad eftergrûnynformaasje. Benammen dy ynformaasje makket de app gaadlik om te brûken yn it meartalich fuortset ûnderwiis. Skiednis, technyk, taal, geografy, ekonomy… allerhanne kategoryen krije har gerak. De app is ek spesjaal taret foar gebrûk op it digiboerd.

It stripboek sil op 1 juny yn Drachten presintearre wurde. Sjoch hjir foar mear nijs dêroer.

De striptekeningen binne makke troch Roelof Wijtsma. It ferhaal is bewurke troch Bert-René Luimstra, Anne Popkema, Tryntsje vand er Steege en Hielke Visser.