PRESINTAASJE ERIK OF IT LYTS YNSEKTEBOEK

Skreaun troch admin op 02/10/2015 yn Nijs

Boek_ErikOp freedtemiddei 20 novimber wurdt it nijste boek fan Regaad presintearre: Erik of it lyts ynsekteboek. Godfried Bomans’ ferneamde berneboek út 1941 is oerset troch Geart Tigchelaar (1987), en Nina Peckelsen (1990) is oanlutsen om yn har eigensinnige, feeërike styl de wrâld fan it lytse wrimelt dêr’t de lytse Erik samar yn bedarret, ta libben te bringen.

De presintaasje fan it boek sil fan 14.30 oere ôf wêze yn en om it Skriuwersarkje by De Feanhoop (op de hichte fan adres Drachtster Heawei 19), dêr’t de oanwêzigen de “Fryske liternatuer” hearre, sjen, rûke en priuwe sille. Learzen sille nedich wêze. Fan sneon 21 novimber ôf is it boek yn de boekwinkel te keap of te bestellen, foar €12,50.