REDMOND O’HANLON EAREGAST BY FRYSKE BOEKPRESINTAASJE YN DRACHTEN

Skreaun troch admin op 12/05/2016 yn Uncategorized

NIJS_Redmond_805x550
Op woansdeitejûn 1 juny sil de ferneamde reizger, skriuwer en programmamakker Redmond O’Hanlon syn opwachting meitsje yn Drachten. De streekrjochte oanlieding is de presintaasje fan in Frysktalich stripboek, in bewurking fan Jules Verne syn bekende ferhaal út 1873 oer in reis om de wrâld yn 80 dagen. It boek ferskynt by de Frysk/Grinzer útjouwerij Regaad.

Redmond O’Hanlon (1947) is neffens eigen sizzen in iuw te let berne. Hy sil yn de aula fan de Drachtster lokaasje Raai fan CSG Liudger yn in lang ynterview fertelle oer syn ûnderfinings mei talen en minderheden oer de hiele wrâld. De Ingelske Darwinkenner en natoerleafhawwer hat ferskate ynternasjonale bestsellers skreaun, wie as meifarrende de grutte publyksleafling yn it programma De reis fan de Beagle (2009) en hat yn 2013 in oansprekkende rige reisprogramma’s foar de VPRO makke, O’Hanlons Helden.

It Fryske stripboek dat de oanlieding foar de jûn foarmet, In wrâldreis yn 80 dagen, is tekene troch Roelof Wijtsma. De strip wurdt fan ’t simmer ek as app útbrocht, ferrike mei animaasje, audio en in soad eftergrûnynformaasje, om sa in oantreklik learmiddel foar meartalich ûnderwiis te bieden. Oan de ein fan de jûn sil it earste eksimplaar fan it stripboek oanbean wurde oan Sietske Poepjes, deputearre fan Kultuer.

De jûn begjint om 20.00 oere (ynrin fan 19.30 oere ôf) en is tagonklik foar eltsenien. De tagongspriis is €10,00, wêrby’t neitiid op fertoan fan it tagongskaartsje fergees in stripboek meinaam wurde kin. Meiwurkers en learlingen (en harren âlden) fan CSG Liudger ha fergees tagong; sy kinne it stripboek dêr keapje.

It Verneprojekt fan Regaad is mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân, Bibliotheek Service Fryslân, it Feitsma Fûns, de Douwe Kalma-Stifting en it Jacob Krol Fûns (yn behear by de Stichting Frysk Akademyfûns), mei meiwurking fan CSG Liudger.

 

NEDERLANDS
De beroemde Britse reiziger / schrijver / programmamaker Redmond O’Hanlon vertelt, in een Engelstalig gesprek met culturele duizendpoot én CSG Liudger-docent Jelte Posthumus, over zijn avonturen over de hele wereld met allerlei exotische stammen, hun talen, de hilarische toestanden die onbegrijpelijkheid wederzijds kan oproepen, én zijn speciale relatie met Jules Verne. Aanleiding is de presentatie van het stripboek ‘In wrâldreis yn 80 dagen’, een bewerking van Jules Vernes bekende verhaal. Gedeputeerde Sietske Poepjes neemt aan het einde van de avond het eerste exemplaar in ontvangst.

De avond begint om 20.00 uur (inloop vanaf 19.30 uur) en is toegankelijk voor iedereen. De toegang is: €10 (incl. gratis exemplaar van het stripboek); toegang gratis voor alle Liudgerleerlingen (+hun ouders) en -medewerkers.