De twadde printinge fan it boek Erik of it lyts ynsekteboek (2015), de Fryske oersetting (troch Geart Tigchelaar) fan it ferneamde boek fan Godfried Bomans, is klear. Begjin septimber waard bekend dat de Obe Postmapriis, de provinsjale priis foar oersettings, oan Erik takend wurde soe. De útrikking fan de ‘Obe’ oan Tigchelaar is op freedtemiddei 4 novimber yn it Steedhâlderlik Hôf te Ljouwert. Fan dy deis ôf is ek de twadde druk te krijen.
De earste printinge fan Erik wie binnen in jier útferkocht. Nei oanlieding fan de takenning fan de oersetpriis hat Utjouwerij Regaad in yntekenaksje op tou set om in twadde druk bestuiverje te kinnen. Neist de yntekeners hat it Fryske Gea de twadde druk mei mooglik makke. It boek is te bestellen fia de boekwinkel of fia de webwinkel, foar €15,- ekskl. ferstjoerkosten.