nije útjefte
nije útjefte
1 9 8 4
Nei in wrâldoarloch hat de steat totale kontrôle oer har boargers, oant yn it bêd. Kin de leafde dit oerwinne? Orwell’s “1984” is de ultime oanklacht tsjin totalitêre rezjyms, en ûnfermindere aktueel.
nije útjefte
Bistespul
“Alle bisten binne gelyk, mar guon binne geliker as oaren.” Rebûlje op de pleats, de bisten nimme de macht oer! Mar feroaret dat ek wat? Orwell hâldt ús in spegel foar.
nije útjefte
Enola Holmes – De saak fan de fermiste markys
Enola Holmes is it suske fan de ferneamde detektive Sherlock Holmes. As se der achter komt dat har mem ferdwûn is, set se yn har ientsje ôf om har te sykjen yn Londen wêr’t har hiel wat te wachtsjen stiet. Undertusken rekket se belutsen by de ûntfiering fan in jonge markys, moat se flechtsje foar moardlustige boeven, en moat se oan har slûchslimme âldere bruorren sjen te ûntkommen. En dan besiket se ek noch alle oanwizingen te ûntsiferjen oer de ferdwining fan har mem. Soe Enola, yn dizze gekkeboel, de markys en har mem werom fine kinne?
nije útjefte
Damje mei ome Hajo
De roman giet oer it opgroeien yn de jierren ’70 en ’80 yn Surhústerfean, yn ’e Wâlden. De tiidsgeast, de sfear en de ûnderkuolle humor út dy krite komme yn Damje mei ome Hajo dúdlik nei foarren.
nije útjefte
Leafde yn Ljouwert
Leafde yn Ljouwert is de earste Frysktalige publikaasje yn de Bouquet-reeks.
Sy wol dat er fuortgiet, hy wol híel graach bliuwe…
nije útjefte
De bruorren Liuwehert
Dit is it wûndermoaie ferhaal fan de bruorren Karel en Jonatan Liuw. Karel – Krûmel, neamt syn grutte broer him – is deasiik. Hy sil it net oerlibje. Mar it ôfskied is net foar ivich, wit Jonatan. Se sille inoar weromsjen yn Nangijala, it ryk dêr’t alle mearkes weikomme…
nije útjefte
It parfum – De skiednis fan in moardner
Yn it Frankryk fan de achttjinde iuw stjonkt it. Slim. Mids alle roken, goed en kwea, ûntjout de jonge Jean-Baptiste Grenouille him mei syn boppeminsklik goede noas ta in geniaal parfumeur. Mar sa skerp as syn noas is, sa stomp is syn gewisse. Yn syn syktocht nei it ultime parfum is mearfâldige moard foar Grenouille oars net as in needsaaklik kwea. Mei It parfum. De skiednis fan in moardner skreau Patrick Süskind (1949) in magistrale thriller. Dizze moderne klassiker is al mear as 20 miljoen kear ferkocht en belibbet no, mei it Frysk, syn fiifenfyftichste oersetting.
nije útjefte
De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen
Fryske folksferhalen stean op it heden bot yn de belangstelling. Mar in bepaald skift fan dy folksferhalen is noch altiten net by de Friezen telâne kaam: de ûnfoege, ûnfatsoenlike fertellings, dy’t fansels ek omgean ûnder it folk. Folkskundige Jurjen van der Kooi hat in prachtige seleksje fan sok skabreus materiaal makke. Skriuwer en ferhaleferteller Douwe Kootstra hat dat wer bewurke oant wat it no is: in kreas boekje mei fize ferhaaltsjes – mei plaatsjes!
nije útjefte
Teltsjes fan Tellegen – Alventritich bisteferhalen
‘Teltsjes fan Tellegen’ is in boek mei alventritich fan de moaiste ferhalen fan de grutte ferteller Toon Tellegen, mei soarch selektearre út syn ûnbidich grutte oeuvre, én oanfolle mei trije nagelnije ferhalen, spesjaal troch de master sels skreaun foar dizze útjefte. Tellegens wurk heart ta de moderne klassikers, en is no foar it earst ek yn it Frysk te lêzen, troch jong en âld.
REGAAD BESTieT 10 JieR
Utjouwerij Regaad fiert syn tsien jierrich bestean
Op 11 novimber 2023 is it safier: dan bestiet Utjouwerij Regaad 10 jier. Yn 2013 is de útjouwerij oprjochte troch fiif freonen, allegear âld-lid fan de Fryske studintefiering Bernlef út Grins. Mei as doel: moaie Fryske boeken meitsje. Want fan alle boeken dy’t se yn hannen hienen, tochten se: dat kin better. Oft it no om de kaft gie, om de yllustraasjes, om de oersetting of neam it mar op: dat kinne we sels ek wol. Dat kinne we sels better! 10 jier letter hat Regaad dy eigenwizens wier makke: der binne al hiel wat prachtige boeken ferskynd. Fan De GFR oant De skipsjonges fan Bontekoe, fan Astrid Lindgren oant Toon Tellegen, fan in stripboek oant in Bouquetromantsje. Der binne prizen wûn en prizen ferjûn, plannen betocht en kongressen besocht, feesten holden en aktiviteiten organisearre. En de freonen fan Regaad binne der noch lang net klear mei. Mei in spiksplinternije webside ynklusyf webshop gean se op nei de folgjende tsien jier!
Boeken
Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing elit. Ut elit tellus, luctus nec ullamcorper mattis, pulvinar dapibus leo.
€ 0,00
Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing elit. Ut elit tellus, luctus nec ullamcorper mattis, pulvinar dapibus leo.
€ 19,84
Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing elit. Ut elit tellus, luctus nec ullamcorper mattis, pulvinar dapibus leo.
€ 17,50

€ 15,00

€ 12,50